Himpplantaazje Fliet ûntromme

21 aug 2007 - 16:20

De plysje hat tiisdeimiddei yn Ljouwert in himpplantaazje oprôle. De wytkwekerij siet yn in pakhûs oan it Noardfliet. De plysje hie klachten fan omwenjenden krigen oan stjonkerij. Doe't de plysje kaam te sjen, waarden meiinoar sa'n tûzen wytplanten ûntdutsen yn twa romtes.

Offalferwurker Omrin hat de planten en de apparatuer meinommen om te ferneatigjen. Der is noch net ien oanhâlden yn ferbân mei dizze saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)