Freed 1e peal nijbou Bilgaard

© Omrop Fryslân
Kommende freed wurdt de earste peal slein foar de nijbou fan winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert. It is dy dei op de kop ôf ien jier lyn dat it winkelsintrum ôfbaarnde. De ôfrûne wiken is it terrein bouryp makke.
De noardkant fan it kompleks moat ein dit jier klear wêze. It winkelsintrum baarnde augustus 2006 hast folslein ôf. It fjoer ûntstie yn de apparatuer fan in bakkerij. De skea fan de brân wie tsientallen miljoenen euro's.