Sâlt wetter tenei op ynternet

21 aug 2007 - 12:38

Boeren yn it Fryske Waadgebiet kinne tenei op ynternet neisjen oft it opperflaktewetter net te sâlt is om op harren bedriuw te brûken. Boeren brûke it wetter bygelyks foar it bereinen fan it gewaaks en yn droege tiden ek as drinkwetter foar it fee. As it wetter dan te sâlt is, smyt dat gefaar op.

Om te witten oft it wetter te brûken is, moasten boeren foarhinne skilje mei it wetterskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)