Brân Eastersingel Ljouwert
Der hat moandeitejûn brân west yn Ljouwert op in boppeferdjipping fan in wente oan de Eastersingel.
De brânwacht krige earst in oprop foar nei-kontrôle op it adres oan de Eastersingel, mar it gie dus om in nije brân. De brânwacht fan Ljouwert kaam te plak mei ien blusauto en in heechwurker en hie de brân gau ûnder kontrôle.