Undersyk ûngelok op boerehiem

20 aug 2007 - 21:45

De Arbeidsynspeksje begjint in ûndersyk nei it tal ûngelokken mei bern op boerehiemen. Se dogge dat om't der dit jier lanlik santjin bern by sokke ûngelokken om it libben kommen binne. Dat sifer is heger as dat fan hiel 2006.

De ynspeksje sil de gefallen fan de ôfrûne fiif jier dy't by harren bekend binne, besjen. De bedoeling is dat der dêrtroch bettere foarljochting jûn wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)