Freya krijt gjin foaltsje

20 aug 2007 - 14:39

Freya, de bysûndere wite merje fan it Noarderleech, is dochs net drachtich. Freya stie sintraal op de foto fan de hynders yn it wetter dy't ferline jier de Zilveren Camera wûn. Neffens de eardere eigner fan it hynder, Piet Lootsma, soe de merje drachtich wêze.

Tsien moanne letter is der lykwols gjin inkeld spoar fan in foaltsje. Dit ta teloarstelling fan de hjoeddeiske eigners, Gerben en Aukje Visbeek fan de Seedykster toer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)