Soargen oer satellyt-ûntfangst

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân is net bliid mei de feroarings yn de satellyt-ûntfangst dy't op 1 septimber trochfierd wurde. De omrop is sûnt novimber ferline jier mei de satellyt te ûntfangen. Om dy ûntfangst te hâlden moatte minsken no in nije kop keapje en ynstallearje.
Dy nije kop is nedich omdat der troch Astra in nije satellyt yn gebrûk nommen wurdt op in oare breedtegraad. Allinnich de regionale omroppen ferhúzje by dizze operaasje.