Ateliers yn âlde boekbinerij

De âlde boekbinerij fan Scheepstra oan de Sudergrêftswâl wurdt in atelierromte foar studinten fan de Popakademy. Ek komme der romtes foar startende kreative ûndernimmers. It âld boekbinerij stiet al jierren leech, der ha ek kreakers wenne.
Yn 2004 kaam it gebou yn hannen fan Korporaasjeholding Fryslân. It gebou is no kocht troch Doarp en bedriuw Fryslân, dat it mei Europeeske subsydzje ferbout.