Mulder foarsitter PvdA?

20 aug 2007 - 11:33

Bertus Mulder wol foarsitter fan de PvdA wurde. De âld-deputearre is ien fan de fjouwer kandidaten dy't de foarsittershammer fan de yn april opstapte Michiel van Hulten oernimme wol.

Mulder is op dit stuit noch foarsitter fan de PvdA Fryslân. Dêrfoar wie er 12 jier lang deputearre. Mulder moat it ûnder oaren opnimme tsjin Jan Pronk. Op 6 oktober wurdt de nije foarsitter fan de PvdA keazen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)