KNRM drok mei kitesurfers

© Omrop Fryslân
De rêdingsstasjons fan de KNRM lâns de Iselmar ha folle mear wurk fan kitesurfers dy't yn swierrichheden reitsje.
Lanlik meldt de KNRM dat kitesurfers hieltyd mear yn 'e problemen reitsje, omdat se te fier it wetter opgean, mar ek omdat se te wurch binne om feilich oan wâl te kommen. Foar de KNRM yn Hylpen en op De Lemmer is it yn elts gefal geunstich dat de wyn faak út it westen komt - nei de wâl ta.