Frou omkaam by ûngelok Balk

19 aug 2007 - 14:20

In 71-jierrige frou fan Drylts is sneontemiddei by in ferkearsûngelok by Balk om it libben kaam. De frou kaam út de rjochting fan Wikel en stuts mei twa famyljeleden de Suderseewei oer, rjochting Sondel.

By it oerstekken hat de frou út Drylts nei alle gedachten in auto oer de holle sjoen dy't fan de kant fan De Lemmer kaam. In frontale oanriding wie it gefolch en it slachoffer ferstoar op it plak sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)