Nije farwei De Jouwer djoer

© Omrop Fryslân
De oanlis fan in nije farwei nei De Jouwer sil net goedkeap wêze; mooglik kostet is tsjientallen miljoenen. Dat befêstiget foarsitter Minnema fan Doarpsbelang Vegelinsoord. Hy is lid fan in gemeentlike klankboerdgroep.
De gemeente Skarsterlân wol fan de Jouwer wat mear in wettersportplak meitsje mei in nije farferbining nei it noarden ta. Der binne trije farianten dy't útkomme yn it marregebiet of it Feanster Kanaal.