Steigenga wint De Westerein

18 aug 2007 - 23:20

Sierd Steigenga hat sneontejûn de Ronde fan De Westerein wûn. De hurdfytser út Eksmoarre, yn 2004 ek al de sterkste, gong yn it begjin fan de 100 kilometer mei Lieuwe Westra fan Mûnein en Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap oan de haal. De einsprint wûn Steigenga mei oermacht foar Westra en Stroetinga. De winner die dat op in liende fyts, want yn de striid bruts syn ketting. Jan-Albert Krans stie doe syn fyts ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)