Alain Gloor wint skeelerjen

18 aug 2007 - 17:12

Skeeleneur Alain_Gloor, in Switser út Drachten, hat sneon de Bartlehiem-skeelertocht wûn. Twadde waard Roy Boeve fan Kampen, tredde Cedric Michaud, in Frânsman út Dronten. It fjirde plak wie foar Jouke Hoogeveen, in B-rider út Amsterdam.

Gloor wûn de sprint yn de kopgroep fan dizze fjouwer man. Se namen al gau in foarsprong. Dêrby waarden snelheden fan mear as fjirtich kilometer yn de oere helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)