Oplieding foar pottebakker

pottebakke
In nije oplieding foar pottebakkers moat der foar soargje dat de tradysje fan it Warkumer ierdewurk bestean bliuwt. De lêste jierren binne tal fan fabrykjes yn de stêd tichtgien. It fak fan pottebakker driget dêrtroch út te stjerren. Troch no jonge minsken it ambacht te learen moat dat foarkaam wurde.
Yn septimber giet der in oplieding ta pottebakker fan start. Der wurdt teory behannele, mar foaral praktyk.