10.000ste besiker Fiskershúske

Museum it Fiskershúske yn Moddergat hat sneon de 10.000ste besiker fan dit jier oer de flier krigen. Ferline jier waard dy pas op 1 septimber registreard.
Neffens de museumlieding hat it waar harren holpen en komt it ek om't se no sneintemiddeis ek iepen binne. In echtpear út it Dutske Ost-Friesland wie de lokkige. Se woene it earst hast net leauwe en tochten dat it gong om in grap mei in ferburgen kamera.