Jonge oerriden troch wein

18 aug 2007 - 14:05

In trekkerrider hat freedtemiddei nei alle gedachten by fersin in jonge oanriden yn Marrum.

De 14-jierrige jonge út Holwerd stie mei syn fyts op de krusing fan de Ringwei en de Lege Hearrewei. In âlde reade trekker sûnder kabine mei in âldere man achter it stjoer sloech op de krusing rjochtsôf, de kant fan Hallum út. It achterste tsjil fan de oanhinger ried dêrby oer de jonge. Hy hat mooglik in brutsen skonk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)