Jonges melde har by C1000

18 aug 2007 - 12:23
  • de bewakingskamera fan de C1000 yn Hurdegaryp

Fiif jonges hawwe har meld by supermerk C1000 yn Hurdegaryp nei oanlieding fan de bylden fan de fernielerij dêr. De eigner hie de bylden op ynternet set yn de hoop dat de dieder him melde soe. Te sjen is dat in jonge in winkelkarke troch de ruten rydt. Dizze jonge wie net by it groepke dat him melden hat.

De fiif jonges hawwe by eigner Gerard van der Veen west om har kant fan it ferhaal te fertellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)