Toerisme minder waarsôfhinklik

fytstoeristen
It toeristyske heechseizoen yn Fryslân is hiel goed ferrûn. Dat seit direkteur Paul van Gessel fan Fryslân Marketing.
Fanwege it waar waard ferwachte dat it wol wat ôffalle soe mei de komst fan toeristen. Mar dat is neffens him net sa. Wol hawwe campinghâlders en ferhierders fan bygelyks iepen boatsjes te lijen hant fan it minne waar. Wol is it sa dat minsken hjir mear komme foar koartere fakânsjes.