Kontener Harns foar see-ôffal

18 aug 2007 - 10:42

Hieltyd mear fiskers dogge mei oan it projekt om smoargens dat se fange mei te nimmen nei de havens. Sûnt freed stiet dêr in kontener foar yn Harns. Yn Eemshaven en Lauwerseach stie al ien. Ek yn Den Oever kinne fiskers de opfiske smoargens kwyt.

It gearwurkingsferbân fan kustplakken KIMO hopet sa 500.000 kilo ôffal út de Noardsee te fiskjen. Neffens in wurdfierder leit der noch wol oant 20 miljoen kilo oan troep yn de Noardsee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)