Nije tennisbaan foar Sint Nyk

17 aug 2007 - 20:57

Tennisferiening De Greensetters yn Sint Nyk krijt in nij kompleks. Omwenners fan de âlde baan yn it doarp binne dêr bliid mei, se klage al jierren oer de felle ljochten. Boppe dat binne der foar 2 fan de 4 banen gjin goeie fergunnings. De rjochter bepaalde freed dat it âlde kompleks ticht moat.

Salang de nije baan oan de súdkant fan it doarp net klear is, meie De Greensetters op it âlde stek bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)