Unike koperfynst yn Hallum

© Omrop Fryslân
By it ôfgraven fan de Hallumer terp ha argeologen in bysûndere fynst dien. It giet om in soad koper fan in kopersmid of koperslager út de Romeinske tiid. It giet om it restôffal dat neffens de argeologen ynsjoch jaan kin yn de wurkwize fan in Romeinske smid fan in lytse twatûzen jier lyn.
It is foar it earst dat der sa'n soad koperôffal fûn wurdt út dy tiid. Krekt dat makket de fynst weardefol foar argeologen en histoarisy.