Bilker: drankferbod ûnder 16

17 aug 2007 - 12:07

Der moat gau in alkoholferbod komme foar jongerein ûnder de 16. Dat seit boargemaster Bearn Bilker fan 'e Kollumerlân. It plan soe stipe wurde troch ferkeapers fan drank, dy't konstateare dat it faak foarkomt dat 17-jierrigen alkohol keapje foar jongere freonen en freondinnen.

Yn Noardeast-Fryslân is in soad oerlêst fan jongeren dy't in soad sûpe. In drankferbod soe helpe kinne om hjir wat oan te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)