Ruten Martinitsjerke opknapt

16 aug 2007 - 19:54

De restauraasje fan de Martinitsjerke yn Frjentsjer kin einliks ôfmakke wurde. Sân jier lyn binne alle houten binten oanpakt en frijmakke fan in boktor. No binne de 27 glês-yn-lead ruten oan 'e beurt.

Dat moat mear as trije ton kostje. Dik twa ton wurdt betelle út subsydzjes, ien ton moat út eigen bûse komme. De tsjerkeried begjint dêrom nije wike mei in grutte aksje om it jild by elkoar te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)