Twadde brûkersromte yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Der komt noch dit jier in twadde brûkersromte foar drugsferslaafden yn Fryslân. Dat seit de opfangorganisaasje SMO Fryslân. Der is al in brûkersromte yn Ljouwert, oan de Sudergrêftswâl. Ferslaafden kinne dêr yn alle rêst harren drugs brûke.
SMO Fryslân wol it leafst in romte yn de gemeente Smellingerlân iepenje om't dêr de measte ferslaafden sitte. Dêrneist wurdt ek op It Hearrenfean sjoen nei mooglikheden.