Kruidvat komt, DA hâldt op

© Omrop Fryslân
De DA-drogist yn it sintrum fan Grou giet ticht no't hy de striid tsjin de komst fan in Kruidvatwinkel bûten it sintrum ferlern hat. De nije drogist sit mei in pear supermerken bûten it sintrum. Winkellju út it doarpshert kleie al langer dat it nije winkelsintrum har klanten kostet.
De saak fan de DA-drogist krijt mooglik noch in ferfolch as de Grouster ûndernimmersferiening harren stipet by harren ferset.