Skip tsaar Peter yn Makkum

16 aug 2007 - 14:24
  • It Russyske skip yn de slûs fan Koarnwertersân
  • It is slagge; de Frigate Shtandart komt oan yn Makkum

In replika fan it flaggeskip fan tsaar Peter de Grote is tongersdei nei Makkum fearn. It giet om de Frigate Shtandart, in kopy fan it skip dat de Russyske tsaar yn 1703 bouwe liet. It skip is de topattrakksje fan 'e Makkumer fiskerijdagen.

Omdat it mar de fraach is oft de fargeul nei Makkum djip genôch is, binne twa fiskers yn Koarnwertersân oan board stapt om de kaptein by de feart nei Makkum te begelieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)