De Vries start keepersskoalle

16 aug 2007 - 13:27

Cambuur-keeper Ale Geert de Vries begjint tegearre mei Sierd van der Berg, de keeperstrainer fan FC Zwolle, in keepersskoalle. Fan septimber ôf sille De Vries en Van der Berg op it fjild fan W.W.S. yn Wirdum spesjale trainingen foar keepers fersoarchje.

De trainingen binne bedoeld foar jonges en famkes fan 8 oant 18 jier. Alle fasetten fan it keeper-wêzen komme oan de oarder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)