Guod sirkus Drome stellen

© Omrop Fryslân
Yn Goutum is it ôfrûne wykein sawat al it materiaal stellen fan teatersirkus Drome út Grins. It materiaal siet yn in trailer fan it selskip. It giet om ûnder oare it dekôr, de piste en de lûdsynstallaazje en de trailers sels.
Sirkus Drome die sirkusprojekten op útnoeging fan de Stichting Kinderopvang Ljouwert. De wearde fan it stellen guod is 4.000 euro. Om foarstellings trochgean te litten wurdt materiaal liend fan oaren.