Soad fernielings op 'e Gordyk

16 aug 2007 - 10:11

Op 'e Gordyk is de ôfrûne wiken foar mear as 10.000 euro fernield. Der binne yn it wykein en moandeitenacht termopaneruten ynsmiten, ûnder oare op it plysjeburo. Fierder binne de ôfrûne twa wike ruten fan huzen en auto's bespuite mei bitende floeistof.

De plysje sil no it kommende wykein ekstra surveilleare, mar is ek op syk nei ynformaasje oer de fernielings. Tsjûgen wurdt frege om harren by de plysje te melden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)