Ekstra baggerwurk by Holwert

De boat nei Amelân hat op't heden faak fertraging
Rykswettersteat set in ekstra baggerskip yn om de fargeul tusken it Amelân en Holwert út te djipjen. Fral ticht by Holwert is de geul net djip genôch. De feartsjinsten fan rederij Wagenborg rinne dêrom geregeld fertraging op. Op in pear wiken yn it jier nei wurdt de fargeul baggere.
Troch it rûge waar fan dizze maaitiid is der mear bagger yn de geul kommen. Rykswettersteat hat dêrom woansdei in ekstra baggerskip ynset.