Ljouwert út race om binnenstêd

15 aug 2007 - 21:18

De Ljouwerter binnenstêd striidt net mear mei foar de titel Beste Binnenstad Nederland. Lange tiid stie Ljouwert op de list fan kânshawwers, mar woansdei waard bekend makke dat allinnich Arnhim, Eindhoven en Nijmegen noch yn de race binne.

Neffens de sjuery is der te min promoasje makke foar de binnenstêd fan de Fryske haadstêd. Ek op de punten feilichheid en leefberens skoarde Ljouwert net heech genôch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)