Drugstekoart nei fangsten

© Omrop Fryslân
Ferslaafden yn Ljouwert kinne minder drugs brûke, no't de plysje ferskate grutte drugsfangsten dien hat. Dat seit direkteur Van Anken fan SMO Fryslân. Van Anken basearret him op útspraken fan drugsbrûkers.
Plysje en dûane ha de lêste tiid súkses by it opspoaren fan drugs; ein july waard in partij op see by Skylge ûnderskept. Ek waard in partij fan 4.000 kilo kokaïne ûnderskept. Dy saak hat in Fryske haadfertochte(78).