Kazematten: al 10.000 besikers

© Omrop Fryslân
In groepke misdienaars fan in tsjerke út Laren is woansdei ynhelle as de 10.000ste besiker fan it Kazemattenmuseum fan Koarnwertersân. It is dit jier mear as in moanne earder as oars dat it museum de 10.000ste besiker wolkom hjit.
Dit komt ûnder oare troch de grutte drokte yn it museumwykein fan april dit jier. Ek it 75-jierrich bestean fan de Ofslútdyk soarget foar ekstra omtinken.