Plysje ûndersiket wite tas

By de plysje Fryslân ha har trije tsjûgen melden fanwege de fertochte tas dy't tiisdei op it stasjon fan it Hearrenfean fûn waard. Omdat net dúdlik wie wat der ynsiet, waard it stasjon ûntromme en it treinferkear stillein. Pas nei trije oeren die bliken dat der gjin gefaarlik guod yn de tas siet, wol siet der in ûnbekend swart apparaat mei knopkes yn.
Tas en apparaat wurde woansdei fierder ûndersocht.