Warskôging foar oplichter

© Omrop Fryslân
De plysje Ljouwert warskôget foar in man dy't jild ôfparst. Hy spruts tiisdeitenacht om kertier foar twaen in foarbygonger oan op 'e Iewâl. Hy moast jild hawwe foar benzine, want hy sie mei de auto mei twa bern stil op de Ofslútdyk, sa sei er.
De foarbygonger frege de man yn de hûs te kommen, mar dêr bedrige de man him mei in mes. It slachtoffer hat him doe 40 euro jûn. De ôfparser is man fan 33, dy't al faker oanhâlden is.