Oane Galama wint wer De Jouwer

14 aug 2007 - 21:37

Oane Galama fan It Heidenskip hat tiisdeitejûn it fierljeppen op 'e Jouwer mei in sprong fan 18.82 meter wûn. Troch it reinwetter koe der yn de finale mar ien kear ljept wurde. Hannes Scherjon fan Noardburgum waard by de topklassers twadde mei 18.62, Frysk kampioen Henk Schievink fan Burgum tredde mei 18.38.

Sjoerd Hobma wie de bêste by de junioaren, Alwin Fonk by de jonges en Anouk Greveling by de froulju.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)