Talant skorst minsken om Hyves

© Omrop Fryslân
Soarchynstelling Talant hat twa meiwurksters skorst omdat se misledigjende opmerkings op website Hyves pleatsen oer ferstanlik handikapten. Op harren privee-Hyve fergeliken de froulju har wurk mei dat fan in fersoarger yn 'e bistetún, dy't ek 'foederje en strontskeppe' moat.
Ek waard der in kliïnt by namme neamd. Talant waard op de teksten wiisd troch in echtpear út Wolvegea mei in soan dy't troch Talant opfongen wurdt.