Mear ferset tsjin AH yn park

14 aug 2007 - 12:27
  • De omwenjenden krije no stipe fan Smelne's Erfskip by harren protest

It ferset tsjin de tydlike festiging fan in Albert Heijn-supermerk yn it Drachtster Thalenpark nimt ta. Nei de omwenjenden wol ek de histoaryske feriening Smelne's Erfskip besykje om de oantaasting fan it park te kearen.

It Thalenpark datearret fan 1958 en jildt as lânskipsarzjitektuer fan Hein Otto. It park wurdt sjoen as ien fan de bêste foarbylden fan it 'nije bouwen'. De supermerk soe in soad skea tabringe oan it park, fynt it Erfskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)