Hea yn de brân K'sweach

Yn in stik lân by Kollumersweach is moandeitejûn hea yn de brân flein.
De brânwacht fan Kollum en Bûtenpost ha moandeitejûn drok dwaande west in brân yn de Mieden by Kollumersweach te bestriden.
Yn in stik lân wie hea yn de brân flein. Dat soarge foar in soad reekûntwikkeling dy't yn de wide omjouwing fan Kollumersweach en op de Trekwei by Westergeast te sjen wie. Njonken de brânwacht wie ek de plysje oanwêzich. De oarsaak fan de brân is nei alle gedachten brânstifting.