Keatsers krije 250 euro boete

13 aug 2007 - 21:01

De acht haadklasse keatsers dy't op 7 july yn Boalsert net fierder keatse woenen hawwe fan de beropskommisje in straf krigen fan 4 wedstriden skorsing ûnder betingst, in proeftiid fan in jier en in boete fan 250 euro de man.

Earder waarden de keatsers troch de strafkommisje skorst foar twa wedstriden. De beropskommisje fynt dat de keatsers wol in pittige straf fertsjinje, mar in direkte skorsing giet te fier neffens de kommisje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)