Sliterij hâldt op nei 150 jier

© Omrop Fryslân
Akkrum rekket in moai stikje skiednis kwyt. Sliterij Tulner hâldt op te bestean.
It begûn allegear 150 jier lyn. Doe waard dêr in tabaksfabryk delsetten. Begjin 1900 kaam dêr de sliterij by. Oant de krisistiid yn de jierren '30 waarden der goeie saken dien. Nei de oarloch waard de tabaksfabryk sletten en gie de famylje allinich fierder mei de sliterij. Nei goed 100 jier komt ek dêr in ein oan.