Opfang skoalbern dreech

13 aug 2007 - 19:48

It slagget de stifting berne-opfang Súdwest Fryslân net om takom wike by alle skoallen bûten de skoaloeren om opfang te regeljen.

Fan nije wike ôf moatte alle basisskoallen fan healwei achten oant healwei sânen jûns opfang oanbiede. Mar neffens berne-opfang Súdwest Fryslân hawwe in soad âlden noch net oanjûn oft se ek ferlet ha fan opfang. Yn Ljouwert en Noardwest-Fryslân wurde gjin problemen ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)