Pont bliuwt fan Skarsterlân

13 aug 2007 - 19:35

De pont yn de Langwarderfeart by Langwar bliuwt fan de gemeente Skarsterlân.

It útbesteegjen fan de feartsjinst hat mear nei- als foardielen, fynt it gemeentebestjoer. De gemeente is benaud dat de pont faker útfalt as in bedriuw tenei hinne en wer giet. Fiif jier lyn hie de gemeente noch trije pontwachters yn tsjinst, mar yntusken binne der twa mei pensioen gongen. De ried moat noch wol in beslút nimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)