Rederijen en skipsbou floreare

Damen Shipyards yn Burgum sil útwreidzje nei Harns.
De Fryske skipsbou floreart. De fraach nei nije skippen is sels sa grut dat Damen yn Burgum besletten hat in nij filiaal yn Harns te bouwen, foar de produksje fan gruttere skippen as yn Burgum mooglik is. De nije werf kin nei ferwachting wurk biede oan 20 ta 30 minsken.
De float fan JR-Shipping yn Harns groeide nei 21 kontenerskippen op de ynternasjonale feart. Mar ek de lytse rederijen groeie eksplosyf.