Minder kursisten by Afûk

© Omrop Fryslân
De Fryske ûnderwiisynstelling Afûk hat ferline jier wat minder learlingen op Fryske les hân. Yn 2005 lei it oantal boppe de tûzen, ferline jier pakte it goed 80 minder út.
Neffens de Afûk komt dit omdat der wat minder amtners op Fryske les gongen. Yn 2005 lei dat oantal krekt frij heech omdat de provinsje in soad minsken op kursus stjoerde. De Afûk makket him dan ek gjin soargen oer de delgong fan it tal kursisten.