Proef Connexxion mei boat

13 aug 2007 - 11:55

It streekferfierbedriuw Connexxion hat plannen om takom jier yn de simmer mei in draachfleugelboat fan Koarnwertersân nei Lemmer te farren.

It bedriuw sil op 8 septimber in proeffeart meitsje mei pommeranten fan Rykswettersteat en de provinsje om sjen te litten wat de mooglikheden binne. As de reaksjes posityf binne dan wol Connexxion ûndersykje of der ferlet fan sa'n tsjinst is en of it kommersjeel ek ynteressant is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)