Tekoart oan jeugdtrainers

Mei it seizoen foar de doar binne der noch in hiel soad fakatueres....
Der is in grut tekoart oan jeugdtrainers by Fryske fuotbalferienings. Neffens it bûn KNVB hawwe frijwilligers har nocht fan de hieltyd brutaler wurdende jeugd. It KNVB wol mei spesjale kursussen minsken waarm meitsje foar it fak.
Op de fuotbalwebsite voetbalnoord.nl steane al mear as 50 fakatueres. Ek de KNVB sels krijt hieltyd faker sinjalen fan ferienings dy't yn de problemen komme mei it oplieden fan jongeren.