Eigner matrixbuorden socht

13 aug 2007 - 10:04

De plysje is op syk nei de eigner fan fjouwer saneamde matrix-buorden dy't op de Wâldwei fûn binne. De swarte buorden wurde brûkt om in ôfsetting fan de dyk oan te jaan, mar de plysje hat gjin idee wa't de eigner is fan dizze buorden is.

In automobiliste út Easterwâlde is sneontemiddei oer ien fan de buorden hinne riden dy't plat op de dyk lei. Mooglik binne de buorden fan in auto mei oanhanger fallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)