Partoer Joostema wint Penjum
Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra hawwe snein de frije formaasje partij yn Penjum wûn. Yn de finale wiene Joostema-en-dy mei 5-3 en 6-6 te sterk foar Géjanna Dykstra, Gerieke de Groot en Afke Hylkema.
De tredde priis gie nei Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken.